- Details
Een nije dei..foarút..
Sjoch mar foarút, sei God
Dêr leit dyn takomst, heus
Ik fûn dot eerst wot lestig
Mar hie gjin oare keus.
Want ot ik efterom seach
Dan die my dot sa sear
Alinnig waard ik stjoerd
Ja, troch ús leave Hear.
Hij hâld my fêst, út leafde
Sa bin ik nea ferlern
Ik bin nea meer alinnig
Dat lit Hy my wol sjen.
Ik mei no ek genietsje
Fan eltse nije dei
Wat bin ik myn Hear tankber
Dat ik genietsje mei!
- Details
Haw gjin noed!
Haw ik wol begrepen
Wa, t ik bin, myn Hear
Jo sizze my, ik bin Jo bern
Ferjit ik kear op kear.
Ik bin dan bilyks en sa blyn
En mis ik sa myn doel
Mar eltse kear wer gryp Jo my
Wannear , k wer hinne foel.
Soms stean ik tsjin de mourre
Myn libben rint dan feest
Dan wit ik Jo makke ticht by my
Dot witten jout my rest.
Jo sille my nea ferlitte
En mar ik noch sa ferkeard
In Jo eagen bin ik goed genoeg
Dot haw ik no wol leart.
Ik tank Jo Hear, myn tank is lytsgoud
Dot wol ik oprjocht ek litte sjen
En wot ut aller fijnste is
Ik bin Jo utferkoren bern!
- Details
Haw mar gjin noed
Wannear ik kom te stjerre
Wa tinkt dan noch oan my
Soe myn stjer noch strielen
Of is it dan foarby.
Soms tink ik dêr wol oan
Mar net de hiele dei
It libben is dochs fiersten te moai
Ja, spannend, ek foar my.
Ik skilder oer de Skepping
En klieder wat mei klaai
Dan kom ik tiid te koart
Nee, ik bin nea mear frij.
Dat klinkt miskien begrutlik
Wees net besoarge om my
Ik ha foldwaande krêft
Hokker ik fan Jezus krij.
In God fan leafde, dat is Hy!