Haw mar gjin noed

Wannear ik kom te stjerre
Wa tinkt dan noch oan my
Soe myn stjer noch strielen
Of is it dan foarby.

Soms tink ik dêr wol oan
Mar net de hiele dei
It libben is dochs fiersten te moai
Ja, spannend, ek foar my.

Ik skilder oer de Skepping
En klieder wat mei klaai
Dan kom ik tiid te koart
Nee, ik bin nea mear frij.

Dat klinkt miskien begrutlik
Wees net besoarge om my
Ik ha foldwaande krêft
Hokker ik fan Jezus krij.

In God fan leafde, dat is Hy!
   
© Grietje Boersma - Drachten